Rap laadstasjon foar auto's

Minsken mei in elektryske auto kinne de wein sûnt dizze wike yn Ljouwert yn in heal oere tiid oplade. Oars stiet dêr folle langer foar. Troch in heger foltaazje giet it laden rapper.
It rappe laadstasjon is in inisjatyf fan projektburo drive4electric. Dat is troch de provinsje oprjochte om it elektrysk ferfier te stimulearjen. Wurdfierder Jasper Verhoef fan it buro seit dat it om in Europeeske primeur giet.