Toertocht âlde frachtweinen

05 aug 2011 - 15:26
  • Foto: Omrop Fryslân

In Dútske toertocht foar âlde frachtweinen die freedtemoarn Harns oan. Fyftich histoaryske trucks sammelen harren op it terrein fan Spaansen Beton by de stêd. Alle simmers reizgje de dielnimmers troch Europa. Dit jier hawwe se Nederlân útkeazen. Ferline wike sette de tocht út ein yn Eindhoven.

Nei in tuskenstop yn Harns setten de weinen freedtemiddei ôf nei Roden. Takom wykein einiget de Ferienfahrt nei 700 km yn Wilhelmshafen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)