Komponist Henk Alkema stoarn

© Omrop Fryslân
Komponist en pianist Henk Alkema is yn syn wenplak Utert ferstoarn. Alkema waard yn 1944 berne yn Harns. Hy wie aktyf as pianist yn de jazz en de klassike muzyk. Boppedat wie er dirigint, dosint en komponist.
Alkema hat in soad Fryske komposysjes skreaun. In foarbyld dêrfan is de opera Rixt. Dy makke er yn opdracht fan it Frysk Festival. Henk Alkema wie ek dosint en waarnimmend direkteur fan it konservatoarium yn Utert.