Van der Leest beslút nei snein

05 aug 2011 - 14:09

Keatser Marten van der Leest beslút nei snein oft er fierder wol mei Herman Sprik en Folkert van der Wei. Van der Leest waard woansdei op de PC oan kant set. Hy wie blessearre, sa seine syn maten. Mar sels woe er trochkeatse.

In petear tusken de trije manlju hat net mear opsmiten as 'wat mear begryp' foar mekoar. Van der Leest keatst snein net om in sinjaal ôf te jaan. Oft er dêrnei wer yn it partoer weromkomt, is ek noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)