Roorda trije moanne útskeakele

Geert Arend Roorda (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)
Middenfjilder Geert Arend Roorda fan SC Hearrenfean is seker trije moanne útskeakele. De Fries bruts koartlyn op in training de lytse tean fan 'e linkerfoet. Hy moat dêr oan operearre wurde. Roorda kin nei de operaasje seker tolve wiken net spylje. Hy mist dêrmei it begjin fan de kompetysje.
Ferdediger Jeffrey Gouweleeuw kin ek net spylje fanwege de neiweeën fan in lutsen ferstânskies. Hearrenfean spilet sneon de earste wedstriid fan it seizoen thús tsjin NEC út Nijmegen.