Ambulânsepersoniel bedrige

Argyffoto Omrop Fryslân
Meiwurkers fan in ambulânse binne op De Harste yn Snits bedrige by in reänimaasje. De pasjint wie ûnder it autoriden net goed wurden. Syn passazjier hie de sike-auto belle. Doe't de ambulânsemeiwurkers oan 'e gong wiene, sloech de meirider op de sike-auto en raasde er tsjin de helpferlieners. Hy wie mooglik ûnder ynfloed fan drugs.
It slachtoffer is nei it sikehûs brocht en dêr letter ferstoarn. Yn de auto is in wyt poeier fûn.