Gay Award foar Drachtster

05 aug 2011 - 08:18
  • Foto: RTL

Akteur Ferry Doedens fan Drachten krijt de earste Gay Media Award. Dy wurdt him útrikt troch de webside Gay.nl., tv-stjoerder OUTTV en it moanneblêd Gay&Night. Doedens krijt de priis foar syn rol yn Goede Tijden Slechte Tijden. Dêryn spilet er Lucas Sanders, dy't homoseksueel is.

Doedens fertsjinnet de Gay Media Award neffens de sjuery omdat er homoseksualiteit op in positive manier yn de media ûnder de oandacht brocht en besprekber makke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)