Werstellen fean dizze moanne

04 aug 2011 - 20:38

Natuurmonumenten begjint dizze moanne mei it werstellen fan de daamwanden yn it Fochtelerfean. Dat meldt RTV Drenthe. De wanden rekken skansearre by de grutte brân op twadde peaskedei fan dit jier. Der gong doe meielkoar 150 bunder natuergebiet yn flammen op.

Troch de skansearre daamwanden rint it wetter út it fean wei en dêrtroch ferdroeget it gebiet. Natuurmonumenten hat bewust wachte mei it werstellen, om de briedende kraanfûgels net te fersteuren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)