Brutsen ribbe Karel Nijman

04 aug 2011 - 18:40

Keatser Karel Nijman hat op de PC in brutsen ribbe en in lytse klaplong onrûn. Dat docht bliken út ûndersyk yn it sikehûs. Nijman foel woansdei op de PC út neidat er by fersin in earmtakke yn 'e ribben krige.

Nijman besocht it nei it ûngelok noch wol. Al gau die bliken dat er net fierder koe. Hy waard doe ferfongen troch Pier Piersma. Hoe lang it herstel duorret, is net krekt bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)