Gjin bom yn Kredytbank

04 aug 2011 - 18:00

Der is gjin bom oantroffen yn it gebou fan de Kredietbank Nederland oan de Gardenierswei yn Ljouwert. De Eksplosieven Opruimings Dienst hat it hiele gebou troch west en hat neat fûn.

Oan it begjin fan 'e middei kamen twa tillefoantsjes binnen by de Kredytbank dat der in bom lizze soe. De plysje hat derop it gebou ûntromme. Ek waard de omjouwing diels ôfset. Sa koe it ferkear mar beheind oer de Oostergoawei en it Suderplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)