Skûtsjewedstriden yn 3D

04 aug 2011 - 17:25

De skûtsjesylwedstriden fan de SKS kinne fan tongersdei ôf trijedimensionaal weromsjoen wurde op ynternet. De spesjale applikaasje dy't dêr foar makke is, makket gebrûk fan de GPS-stjoerders dy't de skippen oan board hawwe. Sa ûntstiet in hiel realistysk byld fan de wedstryd dy't fan alle kanten besjoen wurde kin.

De applikaasje is in gearwurking tusken de SKS en Omrop Fryslân en it ûntwerp is makke troch de Ljouwerter kompjûterspulûntwikkeler Gameship.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)