Bommelder bellet twa kear

De persoan dy't melding dien hat fan de bom by de Kredietbank Nederland yn Ljouwert hat twa kear mei dy ynstânsje belle. Dat hat de plysje tongersdeitemiddei bekend makke. Yntusken is yn de hal fan de bank in fertocht pakje fûn.
Acht spesjalisearre Fryske plysjeminsken sille yn de hal it pakje besjen. Mochten dy dêr oanlieding ta sjen, dan sil de Explosieven Opruimingsdienst frege wurde om it ûndersyk oer te nimmen.