Grou wint foar twadde kear

04 aug 2011 - 16:02
  • It Grouster skûtsje wûn ek al yn Grou
  • De rûte op de Langwarder Wielen

It Grouster skûtsje mei skipper Douwe Visser is tongersdei as earste einige by de wedstriid op de Langwarder Wielen. Twadde waard Hearrenfean mei Piter Brouwer en tredde Snits mei neef Douwe Visser. Lang like Berend Mink fjirde te wurden mei d'Heale Moanne, mar op 't lêst waard er noch foarby fearn troch it Earnewâldster skûtsje.

Grou stiet nei fjouwer wedstriden boppe-oan. Freed wurdt by Wâldsein de ôflaste wedstriid fan De Feanhoop ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)