Van der Leest lulk op 'maten'

04 aug 2011 - 15:16

Marten van der Leest keatst dit wykein yn Wytmarsum net mei syn 'maten' Herman Sprik en Folkert van der Wei. Van der Leest wol in sinjaal ôfjaan oan de keatswrâld. Neffens Van der Leest is it asosjaal wat der bard is.

Hy waard woansdei op de PC troch Sprik en Van der Wei nei de earste omloop út it partoer set, fanwege in blessuere. Hy hie sels troch wollen. Hy wit noch net oft hy hielendal net mear mei Sprik en Van der Wei fierder wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)