Sulver foar Crispijn Ariëns

04 aug 2011 - 14:57

Crispijn Ariëns fan Wolvegea had tongersdei sulver helle op de 10 kilometer puntekoers by it Europeesk kampioenskip Inline skaten yn Zwolle. Ariëns moast allinnich belies jaan tsjin de Belch Bart Swings dy't oppermachtich winner waard.

It is foar Crispijn Ariëns syn tredde medaille op dit kampioenskip. Earder helle er brûns op de 1000 meter op de baan en sulver op de ôflossingskoers mei de Nederlânske ploech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)