Plysje wol âlde saken ôfwurkje
De plysje Fryslân wol alle efterstallige saken op ien dei fuortwurkje. It giet om saken as ynbraken en mishannelings dy't no noch op de planke lizzen bliuwe, omdat de plysje it te drok hat mei oare dingen.
Op 29 oktober sille tusken de 500 en 1000 saken behannele wurde. As it Fryske eksperimint slagget, dan sil de wurkwize lanlik ynfierd wurde.