Agressive skipper oppakt

04 aug 2011 - 10:42

Yn Ljouwert is woansdei in 41-jierrige man fan De Lemmer oanhâlden, omdat er mei tefolle drank op mei in skip tsjin in oar skip oansitten hie. Dêrnei wie er trochfearn. De dupearre skipper skeakele de plysje yn. Dy hie ek al meldingen krigen dat der by de Verlaatsbrêge in skip lei mei in pear agressive minsken derop.

Bliken die dat it om itselde skip gie. De skipper woe net blaze en woe syn papieren ek net sjen litte. Hy is meinaam nei it plysjeburo en fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)