Psychyske need asylsikers

Ek yn Fryslân binne asylsikers dy't der sa trochhinne sitte dat se deroer prakkesearje in ein oan har libben te meitsjen. Dat seit asyladvokate Alie Westerhuis fan Drachten. Sy komt mei in tal kollega's yn aksje om omtinken te freegjen foar de psychyske need ûnder asylsikers.
Neffens Westerhuis binne der yn hiel Nederlân tûzenen asylsikers dy't it net mear sitten sjogge. Minister Leers fan justysje tinkt dat it om tsientallen giet.