Lieuwe Westra huldige

03 aug 2011 - 21:04

Hurdfytser Lieuwe Westra is woansdei yn syn eigen wenplak De Tynje huldige. Tsientallen buertgenoaten en wethâlder Jonkman fan de gemeente Opsterlân wiene dêrby. De buertferiening woe Westra earje foar syn prestaasjes yn de Tour de France. De fytser fan Vacansoleil siet yn ferskate etappes yn de kopgroep.

De huldiging soe earst fuortendaliks nei de Tour wêze, mar doe koe Westra net. Hy moast kritearia fytse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)