Van Althuis en v/d Leest troch

Foto: Wendy Kennedy
De partoeren fan Pieter van Althuis en Marten van der Leest binne as earste troch nei de twadde omloop op de PC. Van Althuis wie mei syn maten Gerrit Flisijn en Hans Wassenaar te sterk foar Dirk Yde Sjaarda en syn maten. It waard 5-0 en 6-2.
Wol spannend wie de partij tusken it partoer fan Marten van der Leest en Pieter Scharringa. Van der Leest luts úteinlik mei syn maten Herman Sprik en Folkert van der Wei oan 'e langste ein mei 5-5 en 6-4.