PC Frjentsjer iepene

03 aug 2011 - 09:02

Mei de taspraak fan foarsitter Johannes Westra is woansdei de 158e PC yn Frjentsjer begûn. Under de gearkomste binne de winners fan 50 jier ferlyn en fan ferline jier yn it sintsje set. Bysûndere gasten binne foarsitter André Bolhuis fan NOC/NSF en Afke Hylkema dy't alve kear de frouljus-PC yn Weidum wûn.

De gersmatte op it Sjûkelân is klear foar de PC. Ferline jier wiene der troch de rein grutte problemen mei it fjild, mar dat is hielendal opknapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)