Cadel Evans wint Profronde

02 aug 2011 - 21:12
  • Cadel Evans (foto: awfoto.nl)
  • De top trije (foto: awfoto.nl)

De Australiër Cadel Evans hat de 30ste edysje fan de Profronde fan Surhústerfean wûn. De winner fan de Tour de France kaam in pear rûntsjes foar de finish yn in kopgroep mei Pieter Weening, Lieuwe Westra en Bauke Mollema.

Uteinlik gongen Pieter Weening en Cadel Evans tegearre op de finish ôf. Evans waard dus earste, Weening twadde en it tredde plak wie foar Lieuwe Westra. Op dizze 30ste edysje wie it smoardrok: mear as 33.000 sjoggers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)