Kolder by Harkemase Boys wei

02 aug 2011 - 18:48

Harkemase Boys rekket syn spits Marnix Kolder al foar de kompetysje wer kwyt. Kolder giet nei it betelle fuotbal, nei Go Ahead Eagles. Yn syn kontrakt wie opnommen dat hy oerstappe mocht, as de mooglikheid der wêze soe.

Foarsitter Spinder fielt him oerfallen troch de oerstap. De Boys hie de seleksje oars krekt op oarder. In ferfangende spits is der noch net. Kolder wie de opfolger fan Martijn Barto, dy't nei Cambuur gongen is. Kolder spile al 15 jier betelle fuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)