PC-bus riidt nei Frjentsjer

02 aug 2011 - 18:13

Busferfierder Connexxion set woansdei wer spesjale bussen yn foar de besikers fan de PC yn Frjentsjer. Mei-elkoar binne der fjouwer ferskillende rûtes dy't begjinne yn Koarnjum, Holwert, Warten en Akkrum.

Op alle rûtes wurdt trije kear hinne riden en trije kear werom. By de weromrit wurdt spesjaal ek rekken hâlden mei de ôfrin fan de finale. De kaartsjes foar de PC-bus wurde by de sjauffeur ferkocht. De OV-chipkaart kin net brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)