Swimster Kraaijeveld werom

Ilse Kraaijeveld
In oantinkensmedalje. Dat is it ienige dat swimster Ilse Kraaijeveld fan Dokkum oerhâlden hat oan har earste WK. Yn Shanghai foel se op it lêste momint ôf foar de estafetteploech. En dat wylst se der wol hinne gien wie as ûnderdiel fan de ploech.
De sterke konkurrinsje makke dat de bûnscoach úteinliks foar in oar keas. Ferfelend foar Kraaijeveld, benammen om't de ploech úteinliks it goud wûn en sy dus net diele koe yn dat sukses.