Kritysk oer kosten berneopfang

Alders sjogge hieltyd kritysker nei mooglikheden en kosten foar de berneopfang. Dat fernimme ek Fryske berneopfangorganisaasjes. Alders mei bern yn de opfang ha ek fragen oer de gefolgen fan de kabinetbesunigings op de opfang. Nei alle gedachten wurdt dy de kommende jierren flink djoerder.
Ut ûndersyk docht bliken dat dêrom 5 oant 13 persint fan alle âlders har bern fan de kresj ôfhelje sil. De oppas wurdt dan dien troch buorlju, freonen of pake en beppe.