Brân yn sloopgebou Ljouwert

02 aug 2011 - 14:39

Yn in gebou oan de Aldlânsdyk yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn brân west. Dêrby kaam in soad reek frij. Yn it gebou siet earder in autoskeabedriuw. It stiet no op de nominaasje om sloopt te wurden.

Slopers wiene dwaande om in spuitkabine te ûntmanteljen. By it wurk mei in snijbrânder is de brân ûntstien. De trije mannen dy't oan it wurk wiene koene op tiid fuortkomme. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)