Spesjale app foar Snitswike

In kommunikaasjeburo út Snits hat in spesjale app ûntwikkele mei nijs en ynformaasje oer de Snitswike 2011. De applikaasje kin brûkt wurde troch minsken mei in smartphone. Neist ynformaasje oer de ferskate aktiviteiten dy't organisearre wurde, kin mei de app ek live harke wurde nei Radio Snitswike.
Wethâlder Leo Pieter Stoel fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat tiisdei as earste de fergese Snitswike app op syn mobyltsje set.