Boatsjeminsken op 'e bon
Op it wetter om Earnewâld en De Feanhoop hat de plysje moandei sân minsken in bekeuring jûn. Ien fan har krige in bon omdat er mei tefolle drank op in boat bestjoerde. Hy moast mei nei it buro foar in blaastest en krige in farferbod foar 16 oeren.
Seis oare boatbestjoerders krigen in bekeuring omdat se te hurd fearen en omdat der gjin swimfesten oan board wiene.