Himpkwekerij yn Harns oprôle

02 aug 2011 - 10:46

De plysje hat oan de Zuidoostersingel yn Harns moandei in himpkwekerij oprôle. De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch eigen eigen ûndersyk en anonime tips.

Yn it hûs fan de 33-jierrige fertochte stiene goed 200 planten. Der waard ek yllegaal stroom ôftape. De bewenner fan it hûs is oanhâlden. De himp en de apparatuer is ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)