Sjoerd Tolsma wethâlder SWF

02 aug 2011 - 09:01

Fraksjefoarsitter Sjoerd Tolsma fan de PvdA yn Súdwest-Fryslân wurdt de nije wethâlder yn dy gemeente. Hy folget Andries Ekhart op, dy't in moanne lyn nei Ljouwert gien is.

De 51-jierrige Tolsma is sûnt 1992 fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Snits en sûnt jannewaris yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Tolsma wennet yn Snits. Hy wie ien fan de acht minsken dy't nei de funksje fan wethâlder sollisitearre hawwe, fjouwer út de gemeente en fjouwer fan dêrbûten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)