Untslaggen by Tryater

02 aug 2011 - 06:26

Teaterselskip Tryater jout in part fan syn minsken dien. It is noch mar de fraach oft se wer in rol of funksje krije by nije foarstellings. It ûntslach is needsaaklik omdat Tryater yn 2013 300.000 euro besunigje moat. Neffens foarsitter Bilker fan it bestjoer fan Tryater is in yngripende reorganisaasje net foar te kommen.

Tryater woe dit jier ek al reorganisearje, mar it UWV wiisde dy plannen ôf. De minsken dy't dien krije soene, kamen wer yn tsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)