Portijk keapet bûtenhaven

De firma Portijk fan De Lemmer hat de bûtenhaven oan de fjoertoerwei kocht fan de gemeente. It bedriuw hat dêr al in toiletgebou en ferhiert kantoarromte. By de bou wie al ôfpraat dat Portijk it rjocht fan earste keap ha soe.
De gemeente Lemsterlân hat mear saken yn de ferkeap. Sa moat ek de gemeentlike binnenhaven ferkocht wurde en binne der plannen om ek de camping fan de hân te dwaan.