Cambuur leit nije spiler fêst

01 aug 2011 - 15:15

Sportklup Cambuur hat proefspiler Mohamed El Makrini fêstlein. De kontrolearjende middenfjilder tekenet in kontrakt foar ien seizoen, mei in opsje foar noch in jier. El Makrini spile 6 jier by FC Den Bosch, mar dêr waard syn kontrakt net ferlingd. Hy spile ôfrûne freed in helte mei yn de wedstriid tsjin Harkemase Boys.

De seleksje fan Cambuur is no sa goed as folslein. Takom wike moandei begjint de kompetysje mei in wedstriid tsjin AGOVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)