Opromjen stjoermêst Smilde

Yn Hoogersmilde is moandei begûn mei it opromjen fan de brokstikken fan de stjoermêst. Trije wike lyn bruts brân út yn de mêst. It boppeste part bruts ôf. In soad radiostjoerders wiene dêrtroch net mear te ûntfangen. Om ien oere is mei de wurksumheden begûn.
Boppe op de betonnen toer stie noch in metalen stik. Dat part fan 10 ton is no fuorthelle.