Lyts pandawyfke hat namme

Foto: Aquazoo
It wyfke fan de pandatwilling dy't in moanne lyn berne is yn Aquazoo hat in namme krigen: Phoebe. Har broerke hat noch gjin namme, de bistefersoargers binne der noch net oer út. Wol moat de namme ek mei in P begjinne. De reade panda is in bedrige diersoart dy't út it Himalayageberchte komt. Se komme net in hiel soad foar yn bistetunen.
Nei alle gedachten kin it publyk de twilling oer trije moanne besjen. De bisten moatte earst grutter en sterker wurde.