Ekstra kaarten Wide Open op

01 aug 2011 - 12:34

De ekstra kaarten foar it popfestival Into The Great Wide Open op Flylân binne ek al wer ferkocht. It gie om kaarten dy't foar relaasjes bedoeld wiene, mar earder blokkearre wienen. Sneon kamen se beskikber foar ferkeap.

Alle 5000 reguliere kaarten wienen ferline jier yn desimber al ferkocht om ûnder de belestingferheging op konsertkaarten út te kommen, dy't dizze simmer yngie. Into The Great Wide Open is fan 2 oant en mei 4 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)