Flexigasmasine foar It Amelân

It Amelân krijt de primeur mei in revolutionêre masine dy't biogas geskikt makket foar direkt gebrûk of foar it ierdgasnet. Oant no dat wie dat in djoer proses, mar troch in nije útfining kin it folle goedkeaper en lytsskaliger.
It projekt is mooglik makke troch tal fan bedriuwen, oerheden en de Stichting Energy Valley. De kearn fan it ferhaal is dat biogas net foldocht oan de easken fan aardgaskwaliteit en dus net sa mar brûkt wurde kin.