Wyld-west by motorefterfolging

01 aug 2011 - 12:02
  • Ien fan de motors (foto: www.stjoerder.nl)

Nei in tal efterfolgings hat de plysje sneontemiddei fjouwer motorriders út Swolle oanhâlden. De mannen rieden mei 190 kilomter yn de oere tusken De Jouwer en Snits. Nei in stopteken naaide ien motorrider út oer de A7 rjochting Boalsert. Hy ried dêrby op de ferkearde kant fan de dyk. Ferskate automobilisten bellen 112 wêrnei't de man oanholden wurde koe.

Twa motorriders flechten rjochting it Jouster ferkearsplein. Nei in wylde efterfolging koene se pakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)