Ringelrob by Flylân fûn

Foto: seehûnekresj Pieterburen
Op Flylân is dit wykein in ringelrob fûn. It bist wie útput. De rob is rêden troch de EHBZ, de Earste help by seehûnen, en nei de seehûnekresj yn Pieterburen brocht. It giet om in wyfke. Se weaget 15 kilo en is nei alle gedachten fiif moanne lyn berne yn de buert fan Grienlân of IIslân.
Gewoanwei komt de ringelrob net foar yn de omjouwing fan Nederlân. De rob leit noch yn karantêne. Oer in moanne kin se wer frijlitten wurde.