Bon foar stean op flechtstripe

01 aug 2011 - 10:32

In 38-jierrige Ier is snein troch de plysje bekeurd omdat er sûnder goeie reden op in flechtstripe fan de A6 stie. De man foel de plysjes op doe't se him foarby rieden. Neffens de man wie er dwaande in rûtebeskriuwing op te sykjen op syn mobile telefoan.

Om dy reden mei der lykwols net stilstien wurde op in flechtstripe, dat mei allinne by pech of as je net goed wurde. De man hat op it buro in boete fan 186 euro betelle en mocht dêrnei wer fierder ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)