Twa auto's fernield yn Harns

01 aug 2011 - 10:21

De plysje ûndersiket it fernielen fan twa auto's yn Harns. Dy stiene parkeard op in terrein oan de Spoorstraat en waarden ôfrûne nacht fernield. Fan de iene waarden twa ruten ynslein, sadat der in partij bier úthelle wurde koe. Fan de oare waarden de fjouwer tsjillen meinaam.

De eigners, út Dútslân, hawwe yntusken oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)