Grutte brân op It Hearrenfean

01 aug 2011 - 01:45

Der hat sneintenacht in grutte brân west yn in grut hok achter in bedriuwssammelgebou oan Het Meer op It Hearrenfean. Omdat der gefaar wie dat de brân oerslaan koe op bygelyks garaazjebedriuw Siton Suzenaar en de skyskoalle Swing, is de brânwacht Hearrenfean massaal útrukt.

It tweintich leden tellende brânwachtkorps hie de brân lykwols gau ûnder kontrôle. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Dat wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)