Auto's fervje Saailân-garaazje

31 jul 2011 - 17:34
  • Foto: Ad de Laat
  • Foto: Ad de Laat

De nije parkeargaraazje ûnder It Saailân stie sneintemiddei yn it teken fan in echte autorace. Yn it ramt fan it keunstprojekt "Leve Het Zaailand" mochten leden fan de Modelbouklup Fryslân mei harren miniatuerauto's oer in racebaan yn de parkeargaraazje krosse.

Op de boaiem fan de baan wie earst ferve oanbrocht, sadat de racers in wier skilderij makken. Dat komt fan 8 septimber ôf oan de muorre fan parkeargaraazje It Saailân te hingjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)