Winst foar Mariska Kramer
Atlete Mariska Kramer fan Drachten hat sneon de heale maraton troch it Lauwersmargebiet wûn. Se rûn in tiid fan 1 oere 15 minuten en 18 sekonden. Klupgenoate Yvonne Kassenberg fan Burgum waard twadde op sa'n 7 minuten.
De tiid fan Kramer is gjin persoanlik rekôr. Dat stiet op 1.14.21. Yn septimber wol Kramer besykje om in oanfal op dy tiid te dwaan.