Man brekt yn en mishannelet

In 19-jierrige man út Sint Jabik is sneontenacht oppakt yn syn wenplak omdat er in oare man mishannele hie. Surveillearjende plysjes krigen in melding fan de mishanneling. Nei it hearren fan tsjûgen waard dúdlik dat de 19-jierrige dêr ferantwurdlik foar wie.
Efkes letter krige de plysje in melding dat der yn Sint Jabik ynbrutsen wie yn in snackbar. Ek dêr wie de man sjoen. Hy is oppakt en ynsletten foar fierder ûndersyk.