Europa Bernehelp 50 jier

31 jul 2011 - 12:53

Europa Kinderhulp bestiet 50 jier en dat jubileum wurdt oeral fierd. Sa hie de ôfdieling Fryslân sneon in famyljefeest op It Hearrenfean regele. 400 Fryske gastâlders mei 150 bern út Nederlân, Dútslân, België en Frankryk wienen útnoege om it feestje mei te fieren.

Europa Kinderhulp regelet yn Fryslân gastâlders foar bern dy't thús yn in drege situaasje sitte en dêrom de kâns krije om yn Fryslân trije wike op fakânsje te kinnen by gastâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)