Namme socht foar sportseal

31 jul 2011 - 09:45

De gemeente Lemsterlân ropt syn ynwenners op om in namme te betinken foar de nije sportseal yn Ychten. Dy is hast klear. De wurknamme hat altyd 'Sportzaal Echten' west, mar de gemeente wol no in oare namme.

De nije namme wurdt bekend makke by de offisjele iepening fan de sportseal op 8 oktober. Dat bart dan troch de wethâlder en de persoan dy't de winnende namme betocht hat. Ynstjoerings moatte foar 15 augustus binnen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)