Keatsen yn Seisbierrum

30 jul 2011 - 17:49

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe sneon de frije formaasjepartij yn Seisbierrum wûn. Yn de finale wiene se mei 5 om 'e 3 en 6-2 te sterk foar Marten van der Leest, Herman Sprik en Folkert van der Wei. Daniël Iseger waard kening.

By de froulju gie de oerwinning mei Margriet Koelmans, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn in spannende finale wûnen se fan Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérike de Groot. Zeinstra waard keninginne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)