Skûtsje Grou wint op Pikmar

30 jul 2011 - 16:43

It skûtsje fan Grou hat sneon de earste wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen op it thúswetter by Grou wûn. Nei in spannende striid op de Pikmar wist skipper Douwe Visser mei It Doarp Grou as earste oer de finish te silen. Hy waard op 'e foet folge troch syn neef Douwe Visser fan Snits, dy't twadde waard.

De wedstriid begûn in heal oere letter fanwege in falske start. Troch in oanfarring mei Boalsert leit De Lemmer derút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)